Snein 8 maaie gjin blomkepartij (sa as yn de Mandeguod stiet), mar 15 maaie in feestlike iepening fa

Op snein 15 maaie wolle wij it JK keatsseizoen op in bysûndere wize iepenje. Fanôf 12 oere is der keatsen foar sawol bern as folwoeksenen Wy noegje jimme fan herte út om jimme op te jaan foar it ledekeatsen. Der sil in loftkessen foar de bern pleatst wurde op it sportfjild. Nei it keatsen kinne wy dan oanskowe foar in barbecue. (± 17 oere) Wij ferwachtsje in soad minsken op dizze earste ledeparty. Spitich genôch is it sa dat we dit net allegearre foar jimme betelje kinne en derom freegje we in bydrage. Under de barbecue is der drinken te krijen tsjin in geunstich taryf.

De dei bestiet dus út twa dielen. Keatserij en noflik ite mei in priisútrikking. We diele de ynskriuwing dan ek op yn twa parten. 1. Minsken die alinne meikeatse wolle betelje € 2,00 ynlizjild , bern € 1,00 2. De barbecuen kostet € 8,00 it persoan foar folwoeksenen en € 5,00 foar (legere skoalle)bern . Fanwege it bestellen fan it fleis, wolle we graach fan te foaren witte oft jo komme en mei hoefolle minsken. Ek freegje we om it jild foar de barbecue foarút te foldwaan. Jo kinne ûndersteand strookje, dat dizze wike tagelyk mei it Jacob Klaver boekje besoarge wurdt, úterlik tiisdei 10 maaie ynleferje by Hans de Boer, Gibbeflecht 47 Baukje Stienstra, de Wâl 2 Geart Oostra, Skillaerderdyk 2 Of oanmelde op info@jacobklaver.nl en jild oermeitsje op 3562.21.202 t.n.f. K.F. Jacob Klaver Mantgum Net allinne leden, mar ek stipers, binne fan herte wolkom! It bistjoer

Geplaatst op 05 May 2011